Skoalle liet

REDUSTER SKOALLE LIET

tekst: Baukje Wytsma 
muzyk: Peter Sijbenga

Nei skoalle ta, nei skoalle ta 
troch rein en hurde wyn 
troch hagelbuien en troch snie 
mar ek by sinneskyn 
Nei master of nei juffer 
nei ús eigen klaslokaal 
kompjoeterles of rekkenjen 
in âld en nij ferhaal.

refrein:

Wy sizze yes – yes 
tsjin ús eigen TDS 
hjir geane wy nei skoalle 
wy bliuwe by de les. 
Friens – Idaard – Reduzum 
dy sitte op ien spoar: 
Trije Doarpen Skoalle 
sjonge wy yn koar!

Nei skoalle ta, nei skoalle ta 
gjin dei is der gelyk 
mei Ingelsk en mei Fryske les 
mei sport en mei muzyk. 
Mei spultsjes op it skoalleplein 
en wille yn it skoft 
in fuotbal by de ruten op 
en mûtsen yn de loft.

refrein

Nei skoalle ta, nei skoalle ta 
soms wolst en soms wolst net 
dan silsto moarns te dreamen 
en komst fansels te let. 
Dan stiest dêr op dat skoalleplein 
en tinkst wie ‘k hjoed mar frij 
ris efkes lekker luierje 
gjin harsenskrabberij.

refrein

Nei skoalle ta, nei skoalle ta 
mei ‘t buske of op ‘e fyts 
de TDS foar elkenien 
foar grut en ek foar lyts 
Dy trije doarpen, ‘t is apart 
Dy hearre by elkoar 
Dy stappe no al jierrenlang 
Hiel fleurich troch ien doar.

refrein

(en dan de lêste rigel 2 kear)